{"id":16309,"date":"2024-10-29T11:18:56","date_gmt":"2024-10-29T09:18:56","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?p=16309"},"modified":"2024-11-12T15:48:37","modified_gmt":"2024-11-12T13:48:37","slug":"lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/","title":{"rendered":"Lykrinne &#8211; in ferhaal fan Albertina Soepboer"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">&#8220;Dit ferhaal haw ik skreaun nei oanlieding fan myn ferbliuw as writer-in-residence yn Vil-la Joana yn Barcelona, part fan Cities of Literature. In fantastysk plak mei even fantastyske kollega\u2019s (gracias chicas\u2026). It wie in gaotyske tiid yn Barcelona, wat ik yn myn ferhaal ferwurke haw. Op tiisdei 31 july waard it foar it earst 40 graden yn de st\u00ead, wat foar de ynwenners as in skok kaam en benei net te fernearen wie.&#8221; <\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">&#8220;Op tongersdei 8 augustus ferskynde Puidgemont yn Barcelona, eardere presidient fan it Katalaansk regear en foarfjochter fan \u00fbn\u00f4fhinklikheid fan Spanje. Nei s\u00e2n jier \u00f4fw\u00eazigens yn Belgi\u00eb, omdat de Spaanske justysje him siket yn ferb\u00e2n mei it referindum foar \u00fbn\u00f4fhinklikens dat er yn 2017 yn Kataloni\u00eb organisearre hie, d\u00fbkte er op by de parlemintsgebouwen en joech in speech. Hy ferdw\u00fbn ek samar wer nei\u2019t er dy speech j\u00fbn hie. De Mossos d\u2019Esquadra, de Katalaanske plysje, besocht him op te pakken, mei as gefolch lange files en helikopters boppe de st\u00ead, mar dat slagge net. Uteinlik die bliken dat de Mossos d\u2019Esquadra him sels holpen hie en dat Puidgemont al wer yn Belgi\u00eb wie. It joech in grutte opskuor yn Barcelona en dominearre wikenlang it nijs.&#8221;&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\"><strong>LYKRINNE<\/strong><\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>02.56<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De klok hat der muoite mei krigen. Syn oerwurk himet, freget oan ien tried wei om oalje. De waarme nacht leit as in tekken om him hinne. It is 25 graden. De heuvels sliepe. De trein nei Barcelona komt en giet op\u2019e tiid. Dy wol. It is de fraach oft hy dat as klok fannacht foarinoar krijt. Oer in pear minuten soe it safier w\u00eaze moatte. Hy harket. Nei de stilte om him hinne. Nei de tiid dy\u2019t foarby is is, mar kloppet, kloppet as in hert yn himsels. Yn al syn oantinkens.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De dingen dy\u2019t komme moatte, dat is lestiger. It is oft dy fuortgliidzje, hy en it oerwurk kinne it net byfytse. Se kinne it mar net \u00f4fbeakenje en betsjutting jaan. Sa binne der fan \u2019e middei twa nije froulju oankaam. Hy seach se oankommen, hy sjocht ommers alles sa boppe op de heuvel. Se sjouden har koffers omheech fan it stasjon by de heuvel op en wiisden omraak nei him. Hy is \u00e2ld, hy is it wend dat minsken nei him wize. De froulju ferdw\u00fbnen yn de filla d\u00ear\u2019t er by heart en dat foar in part in museum is. Hy hat de froulju net mear werom sjoen. Meastentiids komme minsken it oerwurk yn syn binnenste wol besjen. Miskien wie har te waarm.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Hy slacht trije kear.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>04.32<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Eulalia sit rjochtoerein yn b\u00ead en docht de hannen oer de earen hinne. It l\u00fbd is net te fernearjen, sa f\u00fbl is it. Earst tinkt se dat se dreamd hat. Mar nei wat wetter op har gesicht en in blik yn \u2019e spegel wit se dat se wekker is. De klok, tinkt se, soe it dat bombastyske ding w\u00eaze kinne. Har mobyl jout de tiid oan. Se sjocht it. It is dy klok net. Se rint de gong yn. Yn de filla is it tsjuster, alle blinen binne tichtdien tsjin de waarmte. Dat hat net holpen. Oeral is it waarm, as oft Eulalia in keuken ynrint d\u00ear\u2019t de oven al skoften oanstiet. Op in muorre yn \u2019e hoeke d\u00fbnset in read ljocht. Even letter hat se it f\u00fbn: it alarm giet \u00f4f boppe in grutte reade knop. Derop drukke wurket net. It alarm jout nergens om, it makket in heidensk kabaal.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Dan stiet Teresa neist har, sliepdronken.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wat is dit?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018In alarm, wy moatte mar sa gau mooglik nei de portier ta,\u2019 ropt se.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Se rinne de gong troch en klopje op \u2019e doar fan de portier. Hy docht net iepen.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Shit,\u2019 seit Eulalia.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Br\u00e2n, ynbrekkers?\u2019 freget Teresa.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Eulalia tinkt oan it tsjuster, it ferdr\u00fbge bosk om de filla hinne, de gr\u00fbn dy\u2019t ta stof wurden is.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Kom op, wy moatte sels mar sjen,\u2019 ropt Teresa.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Se dogge de b\u00fbslampen oan op harren mobyl en rinne foarsichtich de treppen del. Neat nuvers te r\u00fbken of te sjen. Dan dogge se it r\u00fat iepen. Helsk kabaal, it alarm sit ek b\u00fbten. Se skine mei har b\u00fbslampen. Neat. Gjin smook. Gjin fertochte minsken. Hielendal neat.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It alarm h\u00e2ldt mar net op. Se beslute de mossos op te beljen. Dy begripe it earst net.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Jo bedoele dat jo no midden yn \u2019e nacht yn in museum binne? Mei in alarm dat \u00f4fgiet?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ja, dat kloppet.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It bliuwt even stil.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hawwe jo ek fjoer sjoen? Of in ynbrekker?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Nee, mar it is donker en oeral om dit museum hinne sit bosk.Wy binne hjir noch mar krekt en hawwe dus gjin goed idee fan de omjouwing.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Neat konkreets dus. Nee mefrou, dan komme wy net.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Teresa suchtet as de mossos it kontakt ferbrekke.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>05.47<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Hy fynt it in \u00fbntheisterjende nacht sa stadichoan. De muoite om himsels op \u2019e tiid hearre te litten, it kabaal fan it alarm en dy twa froulju dy\u2019t him beskynden mei b\u00fbslampen. It is donker en hy is allinne mei de heuvels, de pynbeammen en syn oantinkens. It soe treast jaan moatte, mar dat docht it net. Hy makket him soargen. Al dy dingen dy\u2019t mar gebeure, dy\u2019t er net omfymje kin. Tiid hat in sin, tinkt er. Bygelyks datsto ferskil meitsje kinst tusken de dei en de nacht.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>06.22<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Op it balkon fleane stekmiggen en motten om, oerbliuwsels fan de nacht. Eulalia en Teresa wachtsje oant it blau boppe de heuvels opkomt. B\u00fbten is it einlik noflik. Se drinke in kop kofje tegearre. As de earste strielen fan de sinne oer de heuvel kypje, wol Teresa doch noch besykje om te sliepen en ferdwynt yn har keamer. Eulalia nimt de treppen nei \u00fbnderen ta. Se wol graach yn de t\u00fan sjen no\u2019t it noch sa hearlik koel is. De t\u00fan is \u00fatdr\u00fbge. Oeral stof en d\u00f4fgriene kleuren. Fetplanten yn potten. In grutte t\u00fanslang nei de pynbeammen ta. Se rint al rjochting dy pynbeammen as se wat skarreljen sjocht. It is in enoarm bist. It is in wylde baarch. As Eulalia noch in kear ferbjustere sjocht, rinne der ek twa lytse baarchjes om. De wylde baarch wol al op har tadrave as se stadich har omdraait en wer nei de doar fan it museum rint. Eulalia himet. Wylde bargen, dy sitte dochs yn bosken, freget se har \u00f4f, fier by de minsken wei. Nee dus. Se hat it swit op \u2019e foarholle stean. En no moat de dei noch begjinne.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>06.53<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It wie benei mislearre. Hast hie er syn seis slaggen net meitsje kinnen. Twa manlju kamen de keamer fan de klok yn krekt foar seizen. Ien sette in ljedder by de muorre op en klom nei boppen ta. De man helle it br\u00e2nalarm fan it plafond. Kapot fan de waarmte, lei er de portier \u00fat. Hy freget him \u00f4f hoe lang as it duorje sil mei dy waarmte. De stiennen op syn toer binne al sa ferskuorrende hjit. It kin him net heuge dat it earder sa waarm wie. En no is it br\u00e2nalarm dus stikken. O br\u00e2n, ja, dy kin er him heuge. Lange flammen dwers troch de pynbeammen hinne. In woeste wyn dy\u2019t linich oan in see fan flammen slikke. Hy moat net bang wurde no fan syn eigen oantinkens. It is hast tiid foar syn s\u00e2n slaggen. De moarn moat ommers begjinne. Dat is syn taak.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>07.15<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Eulalia hat de laptop oankrigen. Se siket om wylde bargen. Dy binne in pleach yn dit natuerpark Collserola. Se botse mei de auto\u2019s, se frette de jiskefetten leech, se drave oer de stoepen, se molestearje winkels. It liket wol in game dy\u2019t op hol slein is. Se suchtet. Se is wurch. Der flitst \u2018breaking\u2019 oer har skerm hinne. Wat mei in politikus dy\u2019t nei 7 jier wer werom is yn Barcelona. Eulalia set de laptop \u00fat. Se wol sliepe.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>07.43<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It wie in heidensk karwei om op \u2019e tiid te slaan, allemachtich. No hoecht er even neat. De sinne is der krekt by, it is koel om him hinne en it museum is hjoed ticht. Minsken komme net yn dy waarmte nei in museum fan in ferstoarne in katalaanske dichter, al hoe spitich as er dat ek fynt. Hy as klok, de dichter, se binne part fan in oare tiid. Dy tiid, dy is oan it skuorren, oan it \u00fatinoar fallen. Lykas syn eigen toer. Se kinne him kwalik noch \u00fbnderh\u00e2lde. Sa no en dan falt der in stik nei \u00fbnderen ta. En no is it br\u00e2nalarm stikken. Wa sil him warsk\u00f4gje as er yn \u2019e fik fleant?&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>10.05<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Teresa stiet yn \u2019e doar.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018He Eulalia. Der giet wer in bel, net in alarm hear. Mar ik snap net wat it is.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Eulalia springt fan b\u00ead \u00f4f. Se rinne nei de gong d\u00ear\u2019t in bel giet. It is in doarbel mei in skermke derby. Teresa drukt op in knopke. In man ferskynt op it skermke. Hy hat in grut bosk br\u00fan hier. Hy himet.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Kinne jim de doar iependwaan?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hoe dat sa?\u2019 freget Eulalia.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ik haw in sk\u00fblplak nedich.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hawwe jo in \u00f4fspraak hjir?\u2019 freget Teresa.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018En wat binne jo?\u2019 seit Eulalia.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De man sjocht ferheard op it skermke.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Witte jim net wa\u2019t ik bin dan?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Nee,\u2019 sizze se tagelyk.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ik bin\u2026,\u2019 begjint er.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Achter de man ferskine earst in pear wylde bargenop \u2019e dyk en dan in hurdridende auto mei blau ljocht der achter oan. De man rekket yn panyk en ferdwynt ynienen fan it skermke.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018No ja sis, in sk\u00fblplak foar dy wylde bargenseker,\u2019 seit Teresa.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wy moatte noch mar in kear oan de kofje,\u2019 merkt Eulalia op.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>14.04<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It gie der m\u00e2l oan ta mei dy twa slaggen niis. Hy hat it gefoel dat er achter rint. Miskien is it mar in pear sekonden, mar dochs. Dat kin fansels net. Sa reitsje de dingen it paad bjuster. It oerwurk kin it net mear oan, dat fernimt er wol. Under him hat ien fan dy froulju de radio oanset. Hy krijt it der benaud fan. In einleaze stream fan berjochten oer in politikus yn Barcelona dy\u2019t kaam mei in goed ferhaal oer de takomst fan it l\u00e2n en doe wer samar ferdw\u00fbn. Hy begrypt der neat fan. It l\u00e2n moat dochs bestjoerd wurde. Hy harket fierder en dan wurdt er hielendal kjel. Syn buorman waartoer Fabra ien heuvel fierderop hat in histoaryske temperatuer metten: 40 graden boppe nul. Hy falt benei flau, mar dat kin fansels net, tuorren falle net om.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>15.38<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Eulalia en Teresa sitte yn de keuken. B\u00fbten is it te waarm om wat te dwaan. De doar hawwe se iepen set.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hoeren, domme hoeren.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Tagelyk sjitte se oerein en drave nei it balkon. Under rint in man yn in swimbroek om. Hy skelt twa minsken \u00fat dy\u2019t yn it skaad fan in beam sitte.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018O nee,\u2019 seit Teresa.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De man yn \u2019e swimbroek raast troch. De minsken geane gau fuort, sykje in oar paad it park yn. Dan ferdwynt de man. Se heare him roppen tusken de beammen.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wy belje de mossos wer. Dit wurdt te gek,\u2019 seit Eulalia.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Eulalia draait it n\u00fbmer en krijt fuortendaliks in frou oan de tillefoan.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Der rint in ferwyldere man troch it park hinne hjir. Hy raast en makket minsken bang.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Se leit \u00fat w\u00ear\u2019t se binne.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Dat natuerpark, dat is dochs yn de buert fan Barcelona?\u2019 freget de frou<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ja, hoe dat sa?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Binne jo der wis fan dat dy man in swimbroek oan hat?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ja, de kleur wit ik net.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Oke. Kinne jo syn hier beskriuwe?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Syn hier? Lang, grys, wyld.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Net br\u00fan?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Nee. Wachtsje even. Der wie hjir hjoed wol in man mei br\u00fan hier. Hy belle oan. Wy witte net wa\u2019t dat wie.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wat woe dy man?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hy socht om in sk\u00fblplak sei er.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wy komme deroan.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De ferbining wurdt fuortendaliks ferbrutsen.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Nei fiif minuten sirkelet der in helikopter boppe de filla. Even letter komme der woest fjouwer auto\u2019s fan de mossos oanriden. Eulalia en Teresa steane op it balkon.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De mossos ferdwine alle kanten op yn de bosk. In pear hawwe automatyske gewearen by har.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wa is dy man?\u2019 freget Eulalia.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018In gek, in moardner, in swartrider. Gjin flau idee,\u2019 seit Teresa.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Nei in heal oere komme de mossos de bosk wer \u00fat draven. De helikopter is al fuort. Eulalia en Teresa helje in flesse wite wyn \u00fat de koelkast. It is tiid om \u00f4f te kuoljen. Se sitte op it balkon. It is deastil wurden om har hinne. Se sitte der oant de sinne sakket en se einlik wer normaal sykhelje kinne.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>20.18<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Hy rint achter, hy is der no wis fan. It oerwurk kreaket, himet en stint. Hy tinkt dat er sa\u2019n tsien sekonden kwyt is. De dingen dy\u2019t op dit stuit gebeure hawwe gjin grins yn \u2019e tiid mear. Hy wit net langer hoe\u2019t er dy dingen \u00fbnth\u00e2lde moat. Syn oantinkens wurde slachrjemme, se glydzje no definityf alle kanten op. Hy sjocht hoe\u2019t de wylde baarch mei har twa jongen de bosk yndraaft. Dy bisten hawwe him net nedich, dy hawwe fansels in heel oar besef fan de tiid. Dat begrypt er ek wol. Mar sivilisearre minsken moatte dochs ergens de werklikheid oan f\u00eastknoopje kinne. Oarder is ommers de iennichste manier om groei mooglik te meitsjen. Hy suchtet. Yn \u2019e fierte dinderet de trein nei Barcelona troch de fallei hinne. Dy is op \u2019e tiid, hy net. De sinne is oan it weiwurden. De wyn is opstutsen. Hy tinkt oan rein, in hele protte rein. Mar foar no is er allinne mei de nacht dy\u2019t der oankomt. Hy moat \u00f4fkuolje. Hy rint net lyk mear. Hy is allinne mei de nacht dy\u2019t der oankomt en de tiid dy\u2019t fan him \u00f4fglidet.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Albertina Soepboer &#8211; augustus 2024 &#8211; Barcelona<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>&#8220;Dit ferhaal haw ik skreaun nei oanlieding fan myn ferbliuw as writer-in-residence yn Vil-la Joana yn Barcelona, part fan Cities of Literature. In fantastysk plak mei even fantastyske kollega\u2019s (gracias chicas\u2026). It wie in gaotyske tiid yn Barcelona, wat ik yn myn ferhaal ferwurke haw. Op tiisdei 31 july waard it foar it earst 40 [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":12,"featured_media":16304,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_acf_changed":false,"inline_featured_image":false,"footnotes":""},"news_category":[366],"class_list":["post-16309","post","type-post","status-publish","format-standard","has-post-thumbnail","hentry","news_category-unesco-netwurk"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.8 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Lykrinne - in ferhaal fan Albertina Soepboer - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Lykrinne - in ferhaal fan Albertina Soepboer - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"&#8220;Dit ferhaal haw ik skreaun nei oanlieding fan myn ferbliuw as writer-in-residence yn Vil-la Joana yn Barcelona, part fan Cities of Literature. In fantastysk plak mei even fantastyske kollega\u2019s (gracias chicas\u2026). It wie in gaotyske tiid yn Barcelona, wat ik yn myn ferhaal ferwurke haw. Op tiisdei 31 july waard it foar it earst 40 [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:published_time\" content=\"2024-10-29T09:18:56+00:00\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2024-11-12T13:48:37+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/10\/boekbarcelona.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"968\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"634\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"author\" content=\"cityofliterature\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Written by\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"cityofliterature\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:label2\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data2\" content=\"12 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"Article\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#article\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/\"},\"author\":{\"name\":\"cityofliterature\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#\\\/schema\\\/person\\\/d13422f52d0a5cba5508eb7197d23a52\"},\"headline\":\"Lykrinne &#8211; in ferhaal fan Albertina Soepboer\",\"datePublished\":\"2024-10-29T09:18:56+00:00\",\"dateModified\":\"2024-11-12T13:48:37+00:00\",\"mainEntityOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/\"},\"wordCount\":2370,\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/10\\\/boekbarcelona.jpg\",\"inLanguage\":\"nl-FY\"},{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/\",\"name\":\"Lykrinne - in ferhaal fan Albertina Soepboer - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/10\\\/boekbarcelona.jpg\",\"datePublished\":\"2024-10-29T09:18:56+00:00\",\"dateModified\":\"2024-11-12T13:48:37+00:00\",\"author\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#\\\/schema\\\/person\\\/d13422f52d0a5cba5508eb7197d23a52\"},\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/10\\\/boekbarcelona.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/10\\\/boekbarcelona.jpg\",\"width\":968,\"height\":634},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Lykrinne &#8211; in ferhaal fan Albertina Soepboer\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"},{\"@type\":\"Person\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#\\\/schema\\\/person\\\/d13422f52d0a5cba5508eb7197d23a52\",\"name\":\"cityofliterature\",\"image\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/secure.gravatar.com\\\/avatar\\\/7a365282b83b32d4ca9a455ec523072102adc401aa597dde7eebc606dc99d06e?s=96&d=mm&r=g\",\"url\":\"https:\\\/\\\/secure.gravatar.com\\\/avatar\\\/7a365282b83b32d4ca9a455ec523072102adc401aa597dde7eebc606dc99d06e?s=96&d=mm&r=g\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/secure.gravatar.com\\\/avatar\\\/7a365282b83b32d4ca9a455ec523072102adc401aa597dde7eebc606dc99d06e?s=96&d=mm&r=g\",\"caption\":\"cityofliterature\"}}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Lykrinne - in ferhaal fan Albertina Soepboer - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Lykrinne - in ferhaal fan Albertina Soepboer - Leeuwarden City of Literature","og_description":"&#8220;Dit ferhaal haw ik skreaun nei oanlieding fan myn ferbliuw as writer-in-residence yn Vil-la Joana yn Barcelona, part fan Cities of Literature. In fantastysk plak mei even fantastyske kollega\u2019s (gracias chicas\u2026). It wie in gaotyske tiid yn Barcelona, wat ik yn myn ferhaal ferwurke haw. Op tiisdei 31 july waard it foar it earst 40 [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_published_time":"2024-10-29T09:18:56+00:00","article_modified_time":"2024-11-12T13:48:37+00:00","og_image":[{"width":968,"height":634,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/10\/boekbarcelona.jpg","type":"image\/jpeg"}],"author":"cityofliterature","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Written by":"cityofliterature","Est. reading time":"12 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"Article","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#article","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/"},"author":{"name":"cityofliterature","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#\/schema\/person\/d13422f52d0a5cba5508eb7197d23a52"},"headline":"Lykrinne &#8211; in ferhaal fan Albertina Soepboer","datePublished":"2024-10-29T09:18:56+00:00","dateModified":"2024-11-12T13:48:37+00:00","mainEntityOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/"},"wordCount":2370,"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/10\/boekbarcelona.jpg","inLanguage":"nl-FY"},{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/","name":"Lykrinne - in ferhaal fan Albertina Soepboer - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/10\/boekbarcelona.jpg","datePublished":"2024-10-29T09:18:56+00:00","dateModified":"2024-11-12T13:48:37+00:00","author":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#\/schema\/person\/d13422f52d0a5cba5508eb7197d23a52"},"breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/10\/boekbarcelona.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/10\/boekbarcelona.jpg","width":968,"height":634},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/lykrinne-in-ferhaal-fan-albertina-soepboer\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Lykrinne &#8211; in ferhaal fan Albertina Soepboer"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"},{"@type":"Person","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#\/schema\/person\/d13422f52d0a5cba5508eb7197d23a52","name":"cityofliterature","image":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/7a365282b83b32d4ca9a455ec523072102adc401aa597dde7eebc606dc99d06e?s=96&d=mm&r=g","url":"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/7a365282b83b32d4ca9a455ec523072102adc401aa597dde7eebc606dc99d06e?s=96&d=mm&r=g","contentUrl":"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/7a365282b83b32d4ca9a455ec523072102adc401aa597dde7eebc606dc99d06e?s=96&d=mm&r=g","caption":"cityofliterature"}}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/16309","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/12"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=16309"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/16309\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":16506,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/16309\/revisions\/16506"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/16304"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=16309"}],"wp:term":[{"taxonomy":"news_category","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/news_category?post=16309"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}