Under de namme De Gjalp hawwe Ensafh, de Moanne en RIXT yn juny twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters presintearre. Makkers koene harren wurk ynstjoere foar publikaasje én presintaasje op it Noardlik Film Festival, dat fan 5-9 novimber 2025 organisearre wurdt.
De selektearre dichters en skriuwers sille bekendmakke wurde op tongersdei 21 augustus fan 12-13.30 yn it Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Ynrin om 11.30. Deputearre Eke Folkerts makket de nammen dan bekend, de presintaasje is yn hannen fan dokumintêremakker en sjoernaliste Karen Bies. De winnende dichters sille harren fers foardrage. De selektearre skriuwers krije de gelegenheid om oer harren idee te fertellen.
Gjalp 1 wie in oprop om in gedicht by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf te skriuwen. Fjirtjin dichters hawwe ien of meardere fersen ynstjoerd. De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym en selektearret fiif gedichten. Elk winnend gedicht sil troch de dichter ynsprutsen wurde en ûnder it byhearrende fragmint montearre wurde. Dizze poëzyfilmkes wurde op ferskate wizen by it Noardlik Film Festival fertoand. De gedichten wurde boppedat publisearre yn Ensafh en de Moanne. De selektearre dichters krije in honorarium fan €500.Gjalp 2 wie in oprop oan skriuwers om te kommen mei filmideeën – fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasje-eksperimint. Tolve skriuwers hawwe meiinoar tweintich filmideeën ynstjoerd. In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret dêr fiif ideeën út. Foar elk selektearre idee is €500 beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it Noardlik Film Festival.
Elk is fan herte útnûge om by de bekendmakking op 21 augustus oanwêzich te wêzen.
Datum: tongersdei 21 augustus
Plak: Bouwurk, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
Ynrin: 11.30 oere
Bekendmakking: 12.00 – 13.30 oere