Yn de hjerst fan 2025 sette de lessen fan de Skriuwersfakskoalle wer útein. De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan Tresoar, de Schrijversvakschool en Ljouwert UNESCO City of Literature, foar wa’t syn literêre talint ûntwikkelje wol en dêrby yn it Frysk skriuwe wol. Kiesto foar de mearjierrige oplieding of in losse kursus?

De basis fan de Skriuwersfakskoalle is de mearjierrige oplieding, oanfold mei losse kursussen dy’t ek foar net-studinten tagonklik binne.

Mearjierrige oplieding
Mei fakken as Skriuwtechniken A- en B,  Proaza, Essay, Toaniel en Poëzij, fan dosinten Arjan Hut, Jetske Bilker, Bouke Oldenhof, Doeke Sijens, Sytse Jansma, Hein Jaap Hilarides, Goffe Jensma en Albertina Soepboer.
Lês mear oer de mearjierrige oplieding

De losse kursussen
Kursussen oer Berne- en jeugdliteratuer en Literêre non-fiksje, mei dosinten Paul van Dijk en Jaap Krol.
Lês mear oer de losse kursus Berne- en jeugdliteratuer
Lês mear oer de losse kursus Berne- en jeugdliteratuer (ferfolch)
Lês mear oer de losse kursus Literêre non-fiksje (ferfolch)

De fier- en wurktaal op de Skriuwersfakskoalle is Frysk. Leaver les yn it Nederlânsk?
De Schrijversvakschool jout yn dbieb yn Ljouwert lessen dêr’t Nederlânsk de fier- en wurktaal is.

Mear witte? Mail nei kantoar@skriuwersfakskoalle.frl.

Foto: Paul van Dijk