Op freed 26 septimber ûntbleate de lêste twa nonnen fan de Fransiscanesser oarder, suster Veronique en suster Desiree, in poëzystien op begraafplak Vitushof. It gedicht op de stien is fan de hân fan dichter Peter Vermaat en foarmet in bysûnder earbetoan oan de minsken dy’t harren lêste rêstplak fûn hawwe op de Vitushof. De ûntbleating waard kombinearre mei de iepening fan in QR-koaderûte oer it begraafplak.
Begraafplak Vitushof yn Ljouwert is in wjerspegeling fan de skiednis fan de stêd. Wa’t oer it begraafplak rint ûntdekt bekende nammen fan Ljouwerter winkellju, mar der binne noch folle mear bysûndere ferhalen en bysûndere monuminten. Der is no in rûte útset dy’t besikers lâns mear as tweintich bysûndere plakken op it begraafplak liedt. Troch QR-koades te scannen krije besikers de byhearrende ferhalen te hearren.
De Vitusof is alle dagen fan’e wike iepen, fan 09.00 oere oant sinneûndergong.