De sechsde edysje fan ús magazine LETTER ferskynt op freed 4 july as simmerske lêsbylage by Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. It tema is – hoe kin it ek oars – Lyts gelok.

Yn it magazine ûnder mear: ynterviews mei skriuwers Philip Huff en Anna Lillioja, koarte ferhalen en in soad lêstips. Op dizze webside fynsto fan 4 july ôf it magazine ek online.