Tidens de Wike fan de Previnsje, tusken 23 en 27 juny 2025, wurdt it Nasjonale Foarlêsrekôr fêststeld. De rekôrpoging wurdt organisearre út de Fryske previnsje-oanpak wei en fynt plak yn dbieb yn Ljouwert. Der wurdt 100 oeren achterinoar foarlêzen troch 200 minsken dy’t elk in healoere foarlêze. Mei dit evenemint wol de organisaasje de positive effekten fan foarlêzen ûnder de oandacht bringe.

Wy sykje yn totaal 200 minsken dy’t in healoere foarlêze wolle. Elkenien is de hiele wike fan herten wolkom om foarlêzen te wurden, dei en nacht. Tusken sân oere moarns en sân oere jûns wurde der berneboeken lêzen, jûns en nachts is it tiid foar boeken foar folwoeksenen. Wolst graach foarlêze? Jou dy dan op fia: www.friesepreventieaanpak.nl/voorleesrecord

It foarlêzen fan bern hat in posityf effekt op de taalfeardigens. Sa fergruttet it de lêsfeardigens, it tekstbegryp en de fisuele foarstelling. Ek hat foarlêzen in posityf effekt op de wurdskat en de skoalprestaasjes yn it algemien. Dêrneist is foarlêzen tige gesellich en fersterket it de ûnderlinge bân. Dat jildt trouwens net allinnich foar bern — ek folwoeksenen hawwe der baat by om foarlêzen te wurden.

“(Foar)lêzen leit oan de basis fan de taal- en lêsûntwikkeling fan bern, en fan de kânsen dy’t se krije op skoalle en yn de maatskippij.” (Stifting Lezen)

Wat is der no moaier as meiswylje op de weagen fan in nij ferhaal, dy ynlibje yn de haadpersoanen en wei dreamen op it ritme fan de wurden? Dêr bist nea te âld foar.

De rekôrpoging is ek online te folgjen fia www.friesepreventieaanpak.nl/voorleesrecord

Foar fragen of opmerkingen kinst in mail stjoere nei: voorleesrecord@fers.nl