Neist de mearjierrige oplieding biedt de Skriuwersfakskoalle ek koarte kursussen oan.
By de losse kursussen fan de Skriuwersfakskoalle is elkenien wolkom, der is gjin foaroplieding nedich.
Is it lesjild foar dy te heech? Sjoch op www.volwassenenfonds.nl foar stipe.
Berne-en jeugdliteratuer
Dosint: Paul van Dijk
Lesdata: tiisdei 14 en 28 oktober; 11 en 25 novimber; 9 desimber 2025; 6 en 20 jannewaris; 3 febrewaris 2026, 18:45-21:30 oere
Lesjild: 520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert
Skriuwer en dichter Paul van Dijk bringt dy yn oanrekking mei alle aspekten fan de berne- en jeugdliteratuer. Troch lês- en skriuwopdrachten komst achter alle mooglikheden fan dit sjenre. We behannelje printeboeken, it skriuwen foar midden- en boppebou en gedichten. Mei foarbylden út besteande berne- en jongereinboeken ûndersykje wy wat it belang is fan spanning, ritme en fantasy. Dûk yn de betsjoenende wrâld fan it skriuwen foar bern.
Berne- en jeugdliteratuer-ferfolch
Foar wa’t de koarte kursus Berne- en jeugdliteratuer folge hat of ûnderfining hat dy’t dêrmei te fergelykjen is:
Dosint: Paul van Dijk
Lesdata: tiisdei 18 novimber; 16 desimber 2025; 13 jannewaris 2025; 17 febrewaris ; 17 maart; 14 april; 19 maaie; 23 juny 2026, 18:45-21:30 oere
Lesjild: 520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert
In jier lang yn alle rêst wurkje oan in jeugdboek, oan in dichtbondel foar bern. Sa giest werklik de djipte yn. Ien kear yn ‘e moanne beprate wy de fuortgong. Lêsopdrachten binne part fan it proses. It is moai ast by it begjin fan de kursus al neitocht hast oer dyn projekt.
Lês ek it artikel fan Marijke de Boer fan Tresoar oer dizze kursus
Literêre non-fiksje-ferfolch
Foar wa’t de koarte kursus literêre non-fiksje folge hat of ûnderfining hat dy’t dêrmei te fergelykjen is:
Dosint: Jaap Krol
Lesdata: tiisdei 14 en 28 oktober; 4 en 18 novimber; 2 en 16 desimber 2025; 6 en 20 jannewaris 2026, 18:45-21:30 oere
Lesjild: 520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert
Yn dizze kursus bytst dy fêst yn in inkeld ûnderwerp. Saak is dus om te sykjen nei eat dêr’tst langer mei dwaande wêze kinst, dêr’tst alles fan witte wolst en dêr’tst yn it tiidsrek fan in pear moanne in stevich ferhaal mei delsette kinst. Learst hoe’tst in lêzer it ferhaal yn lûkst, hoe’tst sênes skriuwst, hoe’tst in spanningsbôge opboust, hokker perspektyf te kiezen en hoe’tst soargest dat de lêzer it ferhaal foar him sjocht. En neat is betocht.
foto: Paul van Dijk
