De wonderverteller fan Lida Dijkstra is bekroand mei de Gouden Griffel 2025, de priis foar it bêst skreaune berneboek. De auteur waard woansdei 24 septimber ferrast doe’t se in gastles as Schoolschrijver joech op IBS ’t Pompebled op De Westereen. De winners fan Gouden Griffel en Gouden Penseel (foar Natascha Stenvert) binne bekend makke yn oanrin nei de Berneboekewike, dy’t woansdei 1 oktober úteinset.
De Griffelsjuery oer De wonderverteller: ‘Ferneamde ferhalen in nij libben meijaan. Dat is de krêft fan Lida Dijkstra. Yn De wonderverteller docht se der noch in skepke boppe-op troch binnen it ferhaal sjen te litten hoe’t ferhalen ferteld wurde kinne. De sjuery is djip ûnder de yndruk fan de wize wêrop’t de skriuwer in skiednis yn in nije foarm ta libben bringt. De wonderverteller is meislepend yn it aventoer én hertferwaarmjend yn de karakters dy’t beskreaun wurde. Neist in soad fakmanskip giet der in grutte frijheid, boartlikens en literêre krêft fan dit boek út. “
Lida Dijkstra (1961) studearre keunstskiednis en archeology yn Leien en is sûnt 1992 fulltime berneboekeskriuwer yn it Frysk en Nederlânsk. Se makket printeboeken, boeken foar begjinnende lêzers en jeugdromans fol fantasy, humor en ynspiraasje út (keunst)skiednis. Fan 2020 o/m 2022 wie se Berneboekeambassadeur. Dêrneist is se aktyf as Schoolschrijver en lid fan de Schrijvers van de Ronde Tafel.
