Op 14 juny is Lara Kool (1985) fan Dokkum beneamd ta de nije Havendichter fan Ljouwert. De beneaming fûn plak oan board fan de Stânfries X yn de museumhaven fan Ljouwert. Albert Schaafsma, bestjoerslid fan de Stânfries, iepene de middei en spruts oer it belang fan in Havendichter, fan frijwilligers en fan subsydzjes om de Stânfries farrende te hâlden.

Foar har earste projekt gie Lara yn petear mei frijwilligers fan Stichting Museumhaven Leeuwarden, bestjoersleden en minsken dy’t yn de museumhaven wenje. Ut dizze petearen binne gedichten fuortkommen, dy’t as ûnderdiel fan it projekt Havenhollen troch it hiele rom hinne te sjen binne: op swart-wyt kontoerportretten, posters en boatsjeflaggen. Dizze simmer wurket se fierder oan dit projekt; yn septimber ferskine der offisjele bondeltsjes.

Lara hat mear plannen foar dit jier. Op 27 septimber, yn de Museumnacht, is op de Stânfries de kostúmfoarstelling Drama mei Deade Dichters te sjen. Yn dizze gearwurking mei âld-Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en âld-winner fan de Fryske Slam Aggie Meyer wurde de dichters Simke Kloosterman, Ella Wassenaer en Rixt wer ta libben wekt. Op 20 novimber fertelt Lara oan board ferhalen by de Verhalenavond. Ek hopet se in krystmerk te organisearjen.

Bliuw op ’e hichte fia museumhavenleeuwarden.nl of de Facebookside fan Havendichter Leeuwarden.