Gjin sin oan trek
Troch Eppie Dam

Dit gedicht fûn Sander op in briefke
yn syn lunchbox, yn de trein ûnderweis nei syn wurk
In salm út Tsjechië
hie gjin sin oan trek
nei al dy see.
Hij fûn in útrin
fan de blauwe Donau
moai genôch
en ferlangen
in minske-idee.

Eppie Dam
Eppie Dam (De Pomp, 1953) is dichter, skriuwer, berneboekeskriuwer, skepper fan liturgys wurk, fertaler en poëzyresinsint. Hy wie skoalmaster op Urk en yn Balk. Dam is in produktyf en alsidich skriuwer en boude in ryk oeuvre oan eigen wurk en oersettingen op yn sawat alle dissiplines. Mei meardere komponisten skreau er kantates en fertaalde de Mattheüspassie yn de ferzje fan Jan Rot yn it Frysk. Sels skepte Dam yn 2023 in eigensinnige en grinsferlizzende Fryske passy, ûnder de titel In frjemdling yn Jeruzalem, op muzyk fan Gerben van der Veen. Tegearre wurkje sy oan in grutte Fryslân Symfony, dy’t yn 2027 yn premjêre gean sil. Yn 2024 ferskynde Pompster Psalmen bty útjouwerij Wijdemeer, in autobiografy yn fersen.
Foto: Tresoar | Haye Bijlstra