• FY
    • NL
    • EN
Alle ferhalen
  • FY
    • NL
    • EN
Alle ferhalen
85
Ester Naomi Perquin
87
Yorick Goldewijk

Ferrizenis

Troch Jilt Jorritsma

De skriuwer lêst hjoed om 14.00 oere foar en giet yn petear
Yn Cultureel podium Het Tripgemaal, Hooivaartsweg 14, Gersleat

Yn de santjinde en achttjinde iuw fûnen hûnderten Nederlânske walfiskfarders op Spitsbergen harren lêste rêstplak. Yn tsjinstelling ta de Ingelske walfiskfarders, dy’t faak in seemansgrêf krigen, waarden de Nederlânske seelju op Spitsbergen yn kisten ûnder it iis stoppe, harren eagen op it easten rjochte. Hja leauden nammentlik yn ’e ferrizenis. Ea, oan it ein fan de tiden, soene se oereinkomme út ’e dea. Under it iis wei soene har lichems wer tefoarskyn komme. En tagong krije ta it Paradys. 

Troch it opwaarmjen fan ’e ierde, feroarje de eilannen van Spitsbergen hieltyd mear. De kust erodearret. De beferzen boaiem dy’t de walfiskfarders iuwenlang bewarre hat, ûntteit. Harren grêffjild wurdt wer bleatlein. 

Stadichoan ferrize de lichems fan ’e fiskers út it iis. 

* 

Op it earste each liket de opwaarming fan ’e ierde ús foaral te konfrontearjen mei in ûnwisse takomst. It ein fan ’e tiden kundiget him oan. De wrâld sa’t wy dy kenne wurdt bedrige troch in kaskade fan oansteande katastrofes – oerstreamingen, boaiemdelgong, stoarmen, drûchte, boskbrannen, it útstjerren fan alderhande libbensfoarmen. Mar wylst dy útsichtleaze takomst ús ferswolget, iepenet him tagelyk in poarte dêr’t ynienen in ferline yn trochkringt. Dit ferline hat it stal fan in skym. Dat wol sizze, fan in deade dy’t ûnferwachts wer op it aljemint komt. 

*

It Paradys is in tiidleaze romte wêryn’t de minske ien is mei syn omjouwing. De earste minsken, Adam en Eva, libben dêr yn harmony mei de natuer. Mar doe’t se ieten fan ’e beam fan goed en kwea, ‘gongen har beide de eagen iepen en fernamen se dat se neaken wiene’ (Genesis 3:7). Ynienen kaam it harren frjemd foar dat de minske bleat wie, as wie er oars as de rest fan de natuer. Dy nije sjenswize op ’e wrâld makke it direkte kontakt mei de natuer ûnmooglik, om’t de minske himsels as unyk beskôgjen gong, as in wêzen dat boppe de natuer stie. Om dy reden waarden Adam en Eva ferbanne út it Paradys. De harmony wie fersteurd. God sei dat er de minske net mear sjen soe oant men ‘weromkomt ta de ierde, dêr’t men út nommen is: want stof biste en stof silst wer wurde’ (Genesis 3:19).

* 

In ûngewoane drûchte hat yn 2018 yn Wales en op oare plakken yn it Feriene Keninkryk mysterieuze en spûkeftige linen sichtber makke. It bliek te gean om ôfdrukken dy’t âlde gebouwen en kastielen yn it lânskip efterlitten hawwe neidat se ferwoaste en fergetten wiene. Guon fan dizze ferskynsels lieden ta nije ûntdekkingen fan âlde maatskippijen. Untdekkingen dy’t allinich mooglik wiene troch it ferbaarnen fan it lân. Yn Tsjechië is it simmerwetterpeil fan de Elbe sa fier sakke dat saneamde hongerstiennen har op ’e nij fertoanden – âlde, úthoude rotsblokken mei driigjende teksten (Wenn du mich siehst, dann weine) dy’t takomstige generaasjes warskôgje foar de gefolgen fan drûchte. Yn ’e Italjaanske Alpen wurde de oerbliuwsels fan soldaten dy’t stoarn binne yn ’e Wite Oarloch frijlitten om’t de Presena Gletsjer dy’t troch it slachfjild rint, fuortsmelt. En ek yn East-Siberië rize perfekt konservearre lichems op út de weak wurdende permafrost. De wrâld riert him. Oerâlde stiltmes litte foarsichtich fan har hearre.

*

Wylst wy minsken ús los waanden fan it ierdske, it stoflike, binne wy der krekt yn trochkrongen. De atmosfear blykt fol spoaren te sitten fan ús oanwêzigens, spoaren fan de enerzjy dy’t wy ferbrûkten en de reizen dy’t wy makken. Sadwaande is ús hâlden en dragen fan ynfloed wurden op ierdske processen. Wy beweegje de ierde, waarmje har op. En oarsom beweecht de ierde ús. De natuer blykt nammentlik net dea of ûnbesiele. Lânskippen fibrearje, feroarje, bewege en lizze dêrby de oantinkens bleat dy’t ûnder it oerflak slomje. Dêrmei is it lân mei-groaniquer fan ús skiednis. Se bewarret, skriuwt, toant. Fêstiget de oandacht. Ut de groeden dy’t de minske yn hûnderten jierren yn it lânskip achterlitten hat, ferrizet in wierheid. Minsk en omjouwing hawwe nea los fan inoar west. It Paradys hat altyd by ús west.

 

Jilt Jorritsma

Jilt Jorritsma (1991) is skriuwer en histoarikus. Syn twadde roman Autopsie waard publisearre yn jannewaris 2025. Syn debútroman Was (2021) stie op de longlist fan de Libris Literatuerpriis en de shortlist fan de Anton Wachterpriis. Hy waard troch NRC útroppen ta ‘Rijzende Ster in de Literatuur 2022’. Hy wûn de Joost Zwagerman Essaypriis 2018 en de Nexus Connect Essaypriis 2016. Syn essays en koarte ferhalen publisearret er û.o. yn literêre tydskriften lykas De Gids, De Revisor, de Moanne en Ensafh.

instagram.com/jiltjorritsma/

Foto: Simone Vermeeren

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Always active
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
  • Manage options
  • Manage services
  • Manage {vendor_count} vendors
  • Read more about these purposes
Bekijk voorkeuren
  • {title}
  • {title}
  • {title}