Jetske Bilker hat mei Spegel en sonde in fakkundich literêr wurkstik ôflevere. Se bringt dêryn it tema deminsje tige betûft tepas om de algemiene delgong fan in haadpersoan te beskriuwen dy’t har libben op leagens en yllúzjes boud hat en alhiel ferslacht yn ’e rollen dêr’t se yn twongen is of dêr’t se harsels yn avensearre hat. Dêrby ferbynt se op in yntrigearjende wize in suver klinyske analyze mei in flotte fertelstyl en in fine humor.”

Dit sitaat komt út it sjueryrapport en giet oer de roman Spegel en sonde fan Jetske Bilker, dy’t dêrmei dit jier de Gysbert Japicxpriis wint. Dizze belangrykste provinsjale priis foar Fryske literatuer wurdt om de twa jier útrikt.

Spegel en sonde (2021) giet oer toskedoktersassistinte Doutsen dy’t in nije baas krijt. Fan dat momint ôf begjint har libben út de rails te rinnen. Se ferjit saken, werkent minsken net mear en rekket geregeld it paad bjuster en ferliest de kontrôle oer har libben en har relaasjes mei har famylje en freonen.

Utrikking
De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis is sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro en 5.000 euro foar it oersetten fan it wurk fan de winner. Yn de foarôfgeande wike binne ferskate literêre aktiviteiten yn de Gysbert Japicxpriiswike. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten.

Oer de skriuwster
Jetske Bilker (1960) mocht as bern al graach skriuwe. Se studearre Algemiene Literatuerwittenskippen en wurke ûnder oare yn it ûnderwiis. Yn 1988 debutearre se mei Imitaasjelear. Dêrnei ferskynde yn 2012 It libben fan in oar en yn 2021 kaam Spegel en sonde út. Neist dizze romans hat se in grut ferskaat oan publikaasjes op har namme stean. Fan oersettingen fan De Kameleon oant Harry Potter en fan Ilja Leonard Pfeijffer oant in ‘hertaling’ fan Trinus Riemersma. Ek makke se ferhalebondels, blomlêzingen en skreau se it Fryske boekewikegeskink fan 2004. De lêste jierren is se ek aktyf as dosint kreatyf skriuwen.


Lytse Gysbert

As ûnderdiel fan it programma sil op sneon 14 oktober ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurde, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. De priiswinner kriget in oarkonde en de fûl begearde ‘Gouden Fear’ en sil de hantekening sette op in spesjaal boerd yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx.

Gysbert Japicxpriis
Nammejouwer fan de priis is de dichter Gysbert Japicx (1603-1666) út Boalsert. De priis waard yn 1947 foar it earst útrikt. Eardere winners fan de Gysbert Japicxpriis binne Eeltsje Hettinga (2021), Aggie van der Meer (2019), Eppie Dam (2017), Koos Tiemersma (2015) en Jacobus Q. Smink (2013). Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Fryske literatuer en de Gysbert Japicxpriis.

foto: Jacob van Essen, Het hoge noorden