De Ljouwerter skriuwer Nicole van den Berg en produksjehûs Explore the North lansearje de fiksjonele podcast Gran Canaria, wie neemt ons mee? Yn fiif ôfleveringen ûntstiet in tragikomysk ferhaal oer stilstean, langst en ferbining. De podcast is fergees te hearren fia explorethenorth.nl en alle streamingtsjinsten. Dêrneist is der in liveferzje fan it audiowurk te sjen op Explore the North Festival. De foarstelling is te sjen op snein 23 novimber yn de Lutherse Kerk yn Ljouwert, mei akteurs Raymond Muller en Douwe Dijkstra yn de haadrollen. Kaarten binne te krijen fia explorethenorth.nl.

Foto Nicole van den Berg: Natalia Balanina