Arjan Hut is sûnt novimber 2023 Dichter fan Fryslân, Marrit Jellema sûnt jannewaris 2024 Stedsdichter fan Ljouwert. Foar Ljouwert UNESCO City of Literature skriuwe se inoar wat se meimeitsje.
Lês hjir diel 1 (publisearre yn ús magazine LETTER, simmer 2024)
Lês hjir diel 2
Lês hjir diel 3
Lês hjir diel 4
Lês hjir diel 5
Lês hjir diel 6
Arjan!
Na onze spontane wandeling heb ik je niet meer gesproken. Hoe gaat het met je? Wil jij me er af en toe wel even aan herinneren dat ik je nog moet schrijven? Onze laatste briefwisseling was in de zomer. De mensen wachten, de wereld wacht. Was het maar waar, dat is een fijne illusie om in te geloven. Hoe gaat het met je? Ben je mooie dingen aan het doen? Ik hoorde van je persoonlijk begeleider in de letteren dat je het druk hebt met allerlei dingen. Klinkt mooi, op Schier, maar ik was veel te laat met kaarten kopen en nu is helaas vrijwel alles al uitverkocht. Ik had er graag bij willen zijn, maar wel met een magisch weekend net als vorig jaar. Kun je me niet bij die programma’s naar binnen loodsen? Ken je sluiproutes? Kan je een ‘overal welkom’ kaart voor mij regelen? Ik wil best wel op de vloer zitten hoor! Wel balen, het was zo mooi vorig jaar. Ik vind het echt een geweldig festival. En ik wil graag weer bitterballen eten met je persoonlijk begeleider in de letteren. Goed, over tot de orde van de dag. Aanstaande vrijdag, 3 oktober, heb ik een onthulling in een plantsoen dat omgedoopt wordt tot het Sara Burgerhart plantsoen. Een fictief personage uit de eerste Nederlandse moderne roman, die in 1782 werd uitgegeven. In het briefgedicht schrijf ik over de overeenkomsten met toen en nu met betrekking tot de vrijheid van de vrouw. Het is mooi geworden. Ik heb er zin in. En op 7 oktober wordt er een gedicht van mij onthuld op de trap in het gemeentehuis. Hoe cool! Ik heb een gedicht geschreven dat gaat over verbinding maken en de ander écht zien. Mooie metafoor voor bij een trap toch? Daarnaast ben ik bezig met een heel leuk project van vorig jaar terughalen. Hopelijk lukt dat… vandaar dat ik er nu nog niet over kan vertellen. Je zou het mooi vinden als het lukt. Je was bijna vaste gast vorig jaar. De zinnen van ons project Pratende Bouwurken zijn trouwens aangebracht! Welke heb jij al gezien? Durf jij nog naar Harlingen. Een aantal mensen daar zijn boos omdat de zin in het Fries is aangebracht en niet in het Harlingers. Je hebt wel echt een prachtig leven als je daar zo boos over kan maken. Wat denk jij ervan? En waar heb je het zo druk mee? Hoe was het in Sneek? Schrijf je me snel?
Dag Hut!
Marrit
—
Marrit!
Sakrekt kaam ik yn de stêd in frou tsjin en dy sei; do wiest op de radio! Ik wist net daliks wêr’t se it oer hie. ‘Radio 4’, holp se, en dêr foel it kwartsje. Ferline wike hie ik om healwei achten jûns in ôfspraak mei in delegaasje fan NPO Klassiek. Fiif minsken yn in buske, se reizgen troch Fryslân dy deis om de klassike top 400 te promoatsjen. It buske kaam op myn suggestje nei it Cambuurplein, en we ha koart praat oer poëzy en muzyk en ik mocht in stik foar de top 400 tippe. De presintator wie ûnder de yndruk fan de ynsmiten ruten fan it âlde stadion. In menear kaam foarby, frege wat we diene, en song dêrnei spontaan in ferske yn it Papiamintsk yn de mikrofoan. ‘Je zei dat een dichter altijd ziek of verliefd is’, wist de frou noch.
It Meet Me At The Lighthouse-festival fan ferline jier ha ik wol goed ûnthâlden. O, wat in hearlike dagen wiene dat, hjerstich waar op in lyts eilân en oeral skriuwers en literêre aktiviteiten. Ik sil besykje om dy op de gastelist te krijen, Marrit! Foar de edysje fan dit jier ha ik it iepeningsgedicht skreaun, en fierder sil ik op Skier foaral dwaande wêze mei in hiel oare taal: byldtaal. (Dêroer in oare kear mear). Tsja, der siet samar ien fan de Pratende Bouwurken-rigels yn it Omrop-sjoernaal. Spitich dat it allinne oer de fiertaal (Frysk) gong en net wat de rigel seit. In rigel oer ôfstân tusken minsken, in nijsgjirrich tema. Mar wol hiel moai dat troch it trelit (de gemeente is der teminste foar te porren) mear omtinken foar de stedstaal komt.
Asto in ûnthulling hast kom ik fansels te sjen! In park en it gemeentehûs? Lekker dwaande, ik bin benijd nei wat’st makke hast. En no bin ik ek nijsgjirrich nei it projekt fan ferline jier datsto wer oanhelje wolst. Wie it in poadium-aktiviteit? Yn Snits, dyn âlde hometown, ha ik mei Gabrielle Terpstra as duo Brilpoets yn it teäter stien. Superspannend, mar it publyk hat lake en …. no betink ik my, ha wy mekoar net foar it earst troffen, lang lyn, op it poadium fan teäter De Bres?
Jellema, oant sjen, oant gau,
Arjan