Sjoernalist en skriuwer Anne-Gine Goemans wûn ferskate prizen mei har romans. Ek de ferline jier ferskynde roman Wondermond waard tige goed ûntfongen. It fertelt it ferhaal fan Boye de Koning dy’t fersekere liket fan in gouden takomst oant syn heit oppakt wurdt foar belizzingsfraude. Tegearre mei syn mem flechtet er nei in fiskersgehucht yn Fryslân, dêr’t in âlde skipsramp de doarpelingen noch stevich yn syn greep hâldt.
Ek Goemans syn boek Dhr. weigert zorg komt ûnder it petear mei de skriuwster oan bod. Yn dit boek lit Anne-Gine Goemans de rauwe realiteit sjen fan har demintearjende heit. Anne Gine Goemans wurdt ynterviewd troch presintator en teätermakster Alice Faber.
Nei de webside →