Skriuwer Rob Chrispijn, sjongeres Jolien Damsma (mei Fryske woartels) en muzikant Jan Borger bringe Toevalstreffer – in foarstelling oer de rol fan it tafal en de lytse wûnders yn ús libben. In tsjingif tsjin in inkeld materialistyske kyk op ‘e wrâld.
Chrispijn skriuwt al desennialang teksten foar Herman van Veen, Stef Bos en in soad oaren. Yn dizze foarstelling fertelt er ferhalen en sjongt, wylst Jolien Damsma mei har prachtige stim in nije diminsje oan syn teksten jout. Jan Borger stipet gefoelfol mei toetsen, gitaar en akkordeon.
It repertoire bestiet út eigen wurk en wertalingen fan ûnder oaren Leonard Cohen, Sting en lieten fan Herman van Veen. Nei ôfrin geane minsken (hooplik) krekt wat lichter en leafdefoller nei hûs.
Nei de webside →