Winnie Sorgdrager fersoarget op 9 oktober om 20.00 oere de jierlikse Slauerhofflêzing yn ’e Dorpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert. Dizze minister fan Steat skreau it boek Zuurstof van de samenleving oer it ûngemaklike houlik tusken kultuer en Nederlân. Earder wie se foarsitter fan de Ried foar Kultuer (1999-2006), minister fan Justysje (1994-1998) en lid fan de Ried fan Steat (2006-2018). Ta har nevenfunksjes hearde ûnder oare it lidmaatskip fan it Multatuli Genoatskip.
Njonken Zuurstof van de samenleving publisearre se ûnder oare Grenzen aan de kunst: de vrijheid van expressie in relatie tot andere grondrechten en de roman Ongeschreven wetten ûnder it pseudonym Victor ten Hove.
Nei de pauze hâldt skriuwer Jan Willem Rijneveldshoek in lêzing oer syn Slauerhoff-boek Het wachtende water en stiet Arend Hulshof stil by Slauerhoff syn turbulinte houliksjieren mei Darja Collin. Hy signearret syn nij ferskynde biografy Alleen in dans kon zij wonen oer har.
Nei de webside →