Goed nijs foar fans fan Sherida Spitse: de yn Snits berne fuotbalster komt nei Van der Velde Boeken om har boek te sinjearjen! In moaie gelegenheid om dizze topsportster út eigen stêd te moetsjen.

Nei mar leafst 248 ynterlânnen (Europeesk rekôr) beëinige Sherida Spitse yn oktober 2025 har suksesfolle karriêre yn it Nederlânsk fuotbalalvetal. As spylster fan Ajax wurdt se noch altyd priizge om har ynsjoch, skotkrêft en net te stiljen honger om te winnen.

Yn har boek komme alle sportive hichtepunten oan bar, mar skriuwt Sherida ek iepenhertich oer de swierste dagen út har libben, doe’t se grutte bedraggen fergokte en gjin útwei mear seach.

Nei de webside →