De Silent Book Club Fryslân giet troch yn de simmer! Yn Bouwurk fan Arcadia kinst op twa sneinen lekker in oerke lêze. Op Leezie Zondag bist fan herte wolkom op 6 july en 3 augustus, beide kearen tusken 16.00 en 17.00 oere.

Nim dyn eigen boek mei en dûk in oerke yn in moai ferhaal. Sjenre of taal? It makket net út, alles mei. Prate oer dyn boek mei, mar hoecht net. Lear nije minsken kennen en genietsje mei elkoar fan in goed boek.

Nei de simmer bist wer fan herte wolkom yn Kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar. Elke earste tongersdei fan de moanne: 4 septimber, 2 oktober, 6 novimber en 4 desimber 2025. Set se fêst yn dyn aginda.