It Huzumer begraafplak by de Dorpskerk Huizum bestiet dit jier 100 jier. Ta gelegenheid fan dit jubileum organisearret de gemeente Ljouwert op sneon 17 juny fan 13.00 oere ôf in iepen dei. Tidens de iepen dei wurdt om 14.00 oere in poëzijtableau presintearre.

Op it poëzijtableau njonken de aula stiet in gedicht fan Willem van Toorn, ‘Begraafplaats te Huizum’. It tableau is ûnderdiel fan de Ljouwerter Poëzieroute.

Adres: Huizum Dorp 67A, 8934 BS Ljouwert.
Parkeare tsjinoer Intratuin oan de Tynjedyk (1 minút rinnen nei it begraafplak)