Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe.
Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.
By gelegenheid fan it earste lustrum komt RIXT, yn gearwurking mei útjouwerij Louise, mei in jubileumbondel. It is in seleksje út fiif jier poëzy by RIXT. De measte gedichten yn de bondel binne publisearre op de RIXT-webside of skreaun foar projekten organisearre troch RIXT.
Fyftich dichters hawwe fersen foar de bondel oanlevere. In eksterne redaksje (Bert Looper, Henk Dillerop en Nika Stefan) hat de fersen foar de bondel selektearre. Fan alle dielnimmende dichters is ien fers opnaam.
De bondel jout in grut ferskaat oan tema’s en foarmen. It is in kaleidoskopysk byld fan fiif jier poëzy yn Fryslân, mei in bysûndere klam op aktualiteit en maatskiplike tema’s.
De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n 30 dichters, muzyk en dûns. Lokaasje is Theater De Bres yn Ljouwert, tiid fan 13.30 oere oant 22.00 oere. Op trije sneinen dêrnei (8, 15 en 22 oktober) sil it boek ek presintearre wurde op in rige dichtersmiddeis, dêr’t dichters yn wikseljende groepkes optrede sille, mei oandacht ek foar muzyk en byldzjende keunst. Lokaasjes Grou, Ouwe-Syl en Nijelamer.
Nei de webside →