Yn de Poëzieweek (30 jannewaris o / m 5 febrewaris) stiet de poëzy sintraal. Dit jier is it tema ‘lijflijkheid’. Yn dbieb Stiens is op 3 febrewaris in gedichtejûn dêr’t Willem Huisman en Ciska Vos Nederlânske en Fryske gedichten yn beprate.

Elkenien dy’t ynteressearre is yn gedichten is wolkom.

De gearkomste duorret fan 19.45 -22.00 oere.

Der binne gjin kosten oan ferbûn, mar wol graach yn it foar efkes oanmelde.

Nei de webside →