Poëzie Zaterdag yn Drachten is in gesellich gearkommen fan tal fan wurdkeunstners en leafhawwers fan nijsgjirrige wurdkeunst, organisearre en presintearre troch byldzjend keunstner, performer en (gemeente)dichter Erik de Boer. Alle jûnen binne wer oars, mar sitte hieltyd dochs fol moaie, ferrassende, oandwaanlike en prikeljende foardrachten en optredens.
Wurdkeunstners kinne har fia e.d.de boer@live.nl opjaan foar de line-up of foardrage by de iepen mic, dêr’t op de jûn sels noch oan meidien wurde kin. Nivo, sjenre, styl, taal makket net út; elkenien is fan herte wolkom.
It giet der benammen om dat artysten in poadium krije, it publyk yn oanrekking komme kin mei wurdkeunst en dizze twa in moaie jûn hawwe. Dit alles op in leechdrompelige wize.
Adres: Café Marktzicht, Oudeweg 14, 9203 AG Drachten.