Sitsto ek wolris mei de hannen foar de eagen op it puntsje fan de bank by in spannende searje? Fynst it eins te grizelich, mar bliuwst dochs sjen? Lês dan ek ris in Fryske thriller!
Yn it twalûk ‘Moard en deaslach’ komme Fryske plysjomans, misdiedferhalen en detectives fan doe én no oan bod. Bekende thrillerskriuwers fertelle oer harren wurk én litte dy yn’e kunde komme mei spannend wurk fan har foargongers.
23 april: Erik Betten en Jan Schokker oer de boeken fan Anne Hellinga / Jan J. Bylsma en Meindert Bylsma – en oer harren eigen wurk.
21 maaie: Anita Terpstra en Sietse de Vries oer de boeken fan Joop Boomsma en Riek Landman – en oer harren eigen wurk.