Literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse (MMATL) op Skiermûntseach wurdt makke út leafde foar literatuer, kultuer en natuer. Dit jier is Ljouwert UNESCO City of Literature der ek by, mei in miny-edysje fan Lyts gelok.
Op it programma steane ûnder oare Adriaan van Dis, Connie Palmen, Bart Moeyaert, Marjolijn van Heemstra, Ellen Deckwitz, Caspar Janssen, Arjan Hut, Irene Wiersma, Roberta Petzoldt en fansels residinsjeauteur Eva Meijer op unike lokaasjes op it eilân. De programma’s sintrearje harren rûnom it tema Schemer, de omslach tusken ljocht en tsjuster, realiteit en fantasy. MMATL ûndersiket dizze oergongsgebieten oan de hân fan literatuer, poëzy en non-fiksje.
Ljouwert UNESCO City of Literature brocht yn Arcadia (17 maaie o / m 24 augustus 2025) 100 literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûkten. Fan fragmint ta komplete tekst en hieltyd yn in oare foarm. Tijdens Meet Me at the Lighthouse vind je een mini-versie. Op tsien plakken op it eilân kinst in tekst fine dy’t giet oer – en hooplik soarget foar – alle dagen lok en ferwûndering. Spotsto se? Mei bydragen fan: Muriel Barbery, Boaz Blume, Esmé van den Boom, Stefan Brijs, Maarten Inghels, Gerard Marcel de Jong, Natalie Koch, Pia Prezelj, Frances Reynolds en Bernard Wesseling.
Tidens Meet Me at the Lighthouse is ek de troch de Dichter fan Fryslân Arjan Hut gearstalde eksposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan de roring oant de rotting twenties te sjen. De Dichter fan Fryslân keas foar dizze tentoanstelling 49 omslachûntwerpen fan Frysktalige bondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden. De omslaggen binne as affysjes yn de iepenbiere romte te sjen. Yn in kuier by de affysjes del ljochtet er in tal dichters út troch in foar te dragen út harren wurk.
Nei de webside →