Op snein 2 febrewaris 2025 is it 200 jier lyn dat Fryslân oan de foarjûn stie fan in grutte wettersneedramp. Troch it springtij en it trochbrekken fan de diken by De Lemmer, Nijemardum, Murns en tusken Warkum en Hylpen, kaam Fryslân foar hast twatredde ûnder wetter te stean.

Ta neitins oan de ramp liede tsjerken en klokkestuollen yn it troffen gebiet om 20.00 oere harren klokken. Krekt as yn 1825, doe’t it kloklieden de Friezen foar kommend ûnheil warskôge.

TAAL FAN WETTER
Kom op snein 2 febrewaris, yn de Poëzieweek, om 20.00 oere nei it plaknammeboerd fan Sânfurd om meiinoar nei de steiger te rinnen, dêr’t de klok fan de tsjerke liede sil. Oanslutend organisearret Stifting Sânfurd in bysûnder programma yn de tsjerke: poëzy, muzyk en sang wurde fersoarge troch it Frysk Dichterskollektyf RIXT, Gisela Schadenberg en Pytsje Feenstra.

IN NEITINS OAN GRYT
Dizze jûn stiet de organisaasje stil by de neitins oan Gryt Witbraad, ‘de dichter fan ús doarpen’ Aldegea, Idzegea en Sânfurd, dy’t yn 2024 ferstoarn is. Har poëzy, fol fan waarmte en djipte, bliuwt ús ynspirearjen. As earbetoan oan Gryt wurdt in lyts monumint ûntbleate.

De tagong is fergees, mar it tal plakken is beheind.
Oanmelde is dêrom ferstannich, dat kin fia: detaalvanwater@gmail.com.

Benijd nei oare aktiviteiten yn Fryslân yn de Poëzieweek? Sjoch op www.poezieweek.com/activiteiten en sykje op ‘Fryslân’.



Nei de webside →