Nei de flamjende start by Havenbrouwerij Het Brouwdok, giet Ferhalefjoer yn de simmermoannen nei bûten. Yn maaie, juny en july wurdt it ferhalefjoer oanstutsen yn de tún fan it Hannemahûs. Yn dizze griene oaze kin elkenien him lavje oan ferhalen.

De start fan Ferhalefjoer ein 2025 wie in sukses: in soad besikers en prachtige ferhalen dy’t mei-inoar dield waarden.

Kânsen

Elk Ferhalefjoer hat in tema. Yn maaie is dat ‘Kânsen’. Wylst de maitiid miskien wol op har moaist is en wy ús befine yn de tiid dat wy ús frijheid fiere, fertelle wy inoar oer de kânsen dy’t har foardogge. Dy’t in sukses wurde, mislearje of wat dêrtuskenyn. Fan nij begjin, groei en fiergesichten, fan fallen en wer opstean. Ien fan de fertellers iepenet en slút de jûn mei in ferhaal. Dêrtusken is elk fan herte útnûge om in eigen ferhaal te fertellen. In persoanlik ferhaal, in ferhaal datst oait heard of lêzen hast, it kin allegear. Allinnich harkje is ek mooglik.

Oanskowe by Ferhalefjoer yn de Hanematuin kin op 7 maaie, 4 juny en 2 july. It begjint hieltyd om 19.30 oere en duorret ûngefear in oere. Entree fia de foardoar fan it Hannemahûs, Foarstrjitte 56, Harns. By min waar fynt it barren binnen plak. Der wurdt soarge foar kofje en tee. Entree is fergees. In frijwillige bydrage is wolkom.

Nei de webside →