Heel Nederland Leest yn novimber 2025 it boek Onder de paramariboom, skreaun troch Johan Fretz. Mei-inoar in goed boek lêze, dat bringt petearen op gong en ferbynt minsken mei-inoar. En as elkenien itselde boek lêst, dan wolst dat net misse! Helje yn novimber Onder de paramariboom fergees op yn de biblioteek. Ek ast gjin lid bist. Onder de paramariboom is der ek as grutletterboek én is yn de online Biblioteek as e-book en harkboek te lien.
Onder de paramariboom fan Johan Fretz
Al fan jongs ôf oan wurdt Johannes Fretz frege wêr’t er weikomt, wêr’t er écht wei komt. Mar pas wannear’t er útnûge wurdt om op te treden yn Paramaribo en hy tegearre mei syn mem nei har bertegrûn fljocht, freget er him dat sels foar it earst ôf. Suriname ropt mear werkenning yn him op as dat er foar mooglik hâlden hie en it is tiid om demoanen fan syn famylje foar ienkear en altyd te begraven. Onder de paramariboom is keazen om’t it op 25 novimber 2025 presys 50 jier lyn is dat Suriname ûnôfhinklik waard fan Nederlân.
Heel De Klas Leest
Under de namme Heel De Klas Leest is Onder de paramariboom fan Johan Fretz ek beskikber foar middelbere skoallen (boppebou havo en vwo). Sy kinne in lespakket bestelle mei 32 boeken en in lesbrief. Foar vmbo 1 & 2 en basisskoallelearlingen fan groep 7 & 8 is it boek Soldaat Wojtek fan Bibi Dumon Tak keazen.
Aktiviteiten yn Fryslân tidens Heel Nederland Leest:
snein 2 novimber 19:30 – 21:00 oere, dbieb Ljouwert: ynterview mei Johan Fretz
ti. 4 novimber 19:30 – 21:30 oere, biblioteek Drachten|Smellingerlân: ynterview mei Raoul de Jong
to. 6 novimber 10:15 oere, biblioteek Balk: pop-up boekeklup, yn petear oer Onder de parariboom
wo. 19 novimber 14:30 – 17:00 oere, biblioteek Hallum: lêzing oer it koloniale ferline fan Hallum e.o.
wo. 19 novimber 19:30 – 21:30 oere, biblioteek Kollum: lêzing oer it koloniale ferline fan Kollum e.o.
ti. 25 novimber 10:00 – 12:30 oere, biblioteek Skiermûntseach: slotgearkomste Heel Nederland Leest