De trijedielige FryslânDOK-serie ‘Rûzje wyn’ (Fluister wind) is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper. Fan 18 febrewaris ôf binne de films te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.

18/19 febrewaris diel 1 oer ‘Hok fan Rou’ mei Tsead Bruinja
25/26 febrewaris diel 2 oer ‘As de fisken’ mei Nynke Laverman
4/5 maart diel 3 oer ‘Minskewolf’ mei Elmar Kuiper

NPO2 sneon 15.30 oere en snein 13.10 oere
Omrop Fryslân snein 17.00 pere (werhelling alle oeren)