Klaaigrûn is swier en tsjok, dreech om te bewurkjen, mar ek fruchtber en ryk. Dy skaaimerken lykje oerslein te wêzen op Eppie Dam. Dam, berne op de klaai fan Kollumerpomp, hat him út in drege jeugd wei ûntpopt ta ien fan meast alsidige en produktive skriuwers/dichters fan Fryslân.
Gedichten, berneboeken, liturgysk wurk, oersettingen, sjongteksten. Dam behearsket in grut tal literêre sjenres en fielt him op alle terreinen thús. Mar der rint in reade tried troch syn wurk. In tried dy’t begjint op de klaai fan Kollumerpomp en dêrútwei hieltyd siket om kleur en ljocht yn it bestean. In syktocht dy’t Eppie Dam nedich hie om skriuwendewei mei syn ôfkomst en ferline om te gean, en dy’t er no wer hiel goed brûke kin, no’t in slimme sykte him behindert yn syn deistich libben.
Underskieding
Yn 2017 krige Dam de Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, foar syn dichtbondel ‘Fallend ljocht’ – in bondel dêr’t er it ferfal fan tsjerken ferfrisselt mei de ôfbroazeling fan syn eigen lichem, dat te lijen hat ûnder de sykte fan Huntington. Earder al skreau hy de bondel ‘Neigeraden it noarden’, dêr’t er syn ferline ûnder eagen komt en djip yn de klaai fan Kollumerpomp en wide omkriten dolt.
Dêrnjonken ferskynde de ôfrûne jierren noch wurk yn allerhande foarm: fan dichtbondels oant berneboeken en bydragen oan mannich projekt. De natuer, it leauwen, it sykjen fan skjintme, treast en befrijende ferbylding komme hast altyd werom yn syn wurk. Ferline wike ferskynde ‘Pompster psalmen’, syn autobiografy yn 150 fersen.
FryslânDOK makke de dokumintêre ‘Klaaikleurje’, wêryn’t de gedichten fan Eppie Dam sintraal stean, yn in dekôr om Kollumerpomp hinne. Yn it programma sjogge we de skriuwer sels dy’t trije minsken opsiket dy’t in wichtige rol spile ha yn syn libben, hearre we stimkeunstner Greetje Bijma dy’t in pear gedichten fan him bewurke hat, en draacht dichter Tsead Bruinja wurk fan Dam foar.
De FryslânDOK ‘Klaaikleurje’ is te sjen:
Sneon 2 novimber 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 3 novimber 13.10 oere NPO2)
Snein 3 novimber 17.00 oere Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele