Alle earste tongersdeis fan de moanne baarnt yn Harns it Ferhalefjoer. It plak om te harkjen nei ferhalen of sels te fertellen. Dit inisjatyf fan ferhalefertellers Frank Belt, Ingrid Halfhide en Baukje Koolhaas is ynspirearre op âlde ferteltradysjes.

De start fan Ferhalefjoer yn Harns ein 2025 wie in sukses: in soad besikers en prachtige ferhalen dy’t mei-inoar dield waarden. Alle reden om dit fjoer brânende te hâlden, te begjinnen op tongersdei 5 febrewaris.

Op 5 febrewaris, oardel wike foar karnaval, is it tema maskers. Vondel skreau ea: “Het leven is een schouwtoneel, ieder speelt zijn rol en krijgt zijn deel.” Draachst in masker yn it deistich libben of litst alles fan dysels sjen sa’t it is? Dêr binne grif genôch ferhalen oer te fertellen. Mar tink ek oan dy kear datst sels karnaval fierdest of earne oars in fermomming brûktest. Ferhalefertellers Frank Belt, Baukje Koolhaas en Ingrid Halfhide nimme ferhalen oer maskers mei. Besikers dy’t sels in ferhaal dêroer fertelle wolle kinne dat jûns melde. It makket net út oft it persoanlike ferhalen binne of ferhalen dy’tst earne heard of lêzen hast. Wa’t allinnich komme wol te harkjen is like wolkom.

It Ferhalefjoer wurdt oanstutsen om 19.30 oere yn Havenbrouwerij Het Brouwdok, Nieuwe Willemskade 8, Harns. In oere letter wurdt it wer útmakke en kin wa wol noch neiprate. Entree is frij. Wa’t wol kin op it plak sels in bydrage jaan. Konsumpsjes binne foar eigen rekken.

Ek yn maart en april is Ferhalefjoer te gast by Brouwdok.
Op 5 maart is it tema Bysûndere froulju.
Op 2 april is it tema Skyn ferrifelt.