Brouwerij en restaurant Het Brouwdok yn Harns biedt alle moannen ûnderdak oan Ferhalefjoer – plak foar ferhalen. It plak om te harkjen nei ferhalen, ferhalen te dielen en sels te fertellen ast wolst. Alle gearkomsten hawwe in tema. In ferhaleferteller bringt in ferhaal fan likernôch 20 minuten. Dêrnei is der romte foar in petear en foar ferhalen fan de dielnimmers oan de jûn.

Tema fan dizze jûn is ‘Skitterjend ljocht’. Om 19.30 oere is elkenien dy’t fan ferhalen hâldt wolkom, oanmelde is net nedich. De yntree is fergees, konsumpsjes binne foar eigen rekken. In frijwillige bydrage oan de organisaasje kin op it plak sels jûn wurde, yn de pet of fia in QR-koade.

Ferhalefjoer is in inisjatyf fan ferhalefertellers Frank Belt, Ingrid Halfhide en Baukje Koolhaas. It is ynspirearre op âlde ferteltradysjes en it heakket losjes oan op de jierlikse Verhalenavond, dy’t sûnt 2018 yn Fryslân organisearre wurdt.

Nei de webside →