Stedsskouboarch De Harmonie organisearret in ‘lyts festival fol grutte dreamen’ y.g.m. ferskate partners út benammen de stêd Ljouwert. Alle dagen stiet in oar tema sintraal, mei bypassende foarstellingen en râneprogramma’s.

De woansdei stiet yn it ramt fan de stim fan de nije generaasje. Scherven fan de Wereld van Meeuw Jonge Schrijvers giet dan yn premjêre. Ek kinst nei Zig Zag Zinnen, in mjuks fan foardrachten, ferskes en performances. Nicole van den Berg lêst har Utsteld gelok-ferhaal foar.