Foar de Literêre Sirkwy-jûn fan 16 desimber hat RIXT dichters reaksje frege op in keunstprojekt út ‘e njoggentiger jierren fan de foarige ieuw. Dit is ek de opdracht dy’t RIXT de dichters dy’t dit jier op it Skriuwersarkje tahâlden hawwe meijûn hat.

Fryske dichters as Baukje Wytsma, J.Q. Smink, Jan. J. Bijlsma, Margryt Poortstra ensafh. hawwe yn de njoggentiger jierren fan de foarige ieuw mei byldzjende keunstners as Willem van Althuis, Sjoerd de Vries, Gerrit Terpstra en oaren op inisjatyf fan de Stichting Beeldende Kunst Friesland in bibliofile útjefte útbrocht mei 32 katernen mei byld en tekst.

RIXT hat har dielnimmers frege nei in reaksje op in beskaat katern út de rige. Mei oare wurden: hoe sjogge de hjoeddeistige eagen nei dy fan doe? Wat dat opsmiten hat is werom te sjen op it You Tube kanaal fan Rixt.

Dizze dichters en folle mear binne te hearren op de Literêre Sirkwy-jûn fan 16 desimber.