Henk Rigter presintearret syn boek Dwars door Afrika by Van der Velde Boeken yn Ljouwert. Hy fertelt oer hoe’t er mei twa freonen yn in gammel buske in ûnferjitlike roadtrip makke fan Europa nei Súd-Afrika. Hy komt sels mei it buske nei de winkel!
Wat begûn as in reis fan trije moanne, groeide út ta in epysk avontuer fan trije jier. Doe’t Henk in baan oanbean krige yn Súd-Afrika, besleat er om der tegearre mei twa freonen hinne te riden. Op dy reis waarden se konfrontearre mei ekstreme situaasjes, ûnferwachte tsjinslaggen en bysûndere moetings. Se adoptearren in hûn, rekken belutsen by goede doelen, kamen meardere kearen yn ‘e finzenis telâne en oerlibjen sels in konfrontaasje mei in krokodil.
Dwars door Afrika is in ynspirearjend ferhaal oer freonskip, selsûntdekking, trochsettingsfermogen en de ultimate drang nei frijheid en aventoer. Foar lêzers fan Into the Wild, One Year on a Bike en On the Road.
Nei ôfrin is der gelegenheid ta signearjen.
Graach aanmelde fia leeuwarden@vanderveldeboeken.nl.
Nei de webside →