It tema fan de 71e berneboekewike is ‘Vol avontuur!’. Yn in boek is aventoer ommers noait fier fuort! Fan woeste seeën oant betsjoenende lannen, in grut geheim ta in spannend mystearje, kinst it dy sa gek net betinke oft it is wol te belibjen mei in berneboek. De Berneboekewike fan 2025 draait om it belibjen fan spannende ferhalen fanút dyn loaie stoel of waarm bêd. Kom mei op aventoer!
Kevin Hassing hat dit jier mei Lexie het Kinderboekenweekgeschenk skreaun. It giet oer in famke dat gek is op superhelden. Wie se der sels mar ien, want yn’e klasse fielt se har faak hielendal gjin held. It printeboek foar de berneboekewike is fan de hân fan Levina van Teunenbroek & Charlotte Bruijn. It duo makke in nij part yn harren aventoerlike Ridder zonder billen-rige: De koning zonder paard.
Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân en yn gearwurking mei it CPNB ferskynt ek in Fryske ferzje fan it printeboek foar de Berneboekewike, De kening sûnder hynder. Dit boek is te keap by de Afûk en de boekwinkels yn Fryslân.
De dichter fan it berneboekewikegedicht is Simon van der Geest, bekend fan de bekroande boeken as Spinder en Dissus. Genôch redenen dus om de boekhannel te besykjen en in moai (Frysk) berneboek oan te skaffen!
Der binne dêrneist folop aktiviteiten yn it ramt fan de berneboekewike. Sa is der in Kinderboekenfestival yn Bibliotheek Sneek (4 okt) en in Kinderboekenbal yn Bibliotheek Drachten (10 okt) en komt Kevin Hassing nei de dbieb (12 okt). Ek de biblioteken yn Noard-Fryslân en de Van der Velde boekhannels bringe de nedige aktiviteiten.
Nei de webside →