By it ferskinen fan syn nije roman Alles voor de reis, sil Adriaan van Dis op tongersdei 12 maart yn petear mei Simon Dikker Hupkes yn in spesjale Van Dis Ongefilterd-foarstelling yn Podium Explore yn Ljouwert.

Yn de populêre podcast Van Dis Ongefilterd praat Adriaan van Dis twawykliks mei redakteur Simon Dikker Hupkes oer alles wat him dwaande hâldt. Se dogge dat fanút de auteurskeamer fan Útjouwerij Atlas Contact. Nei mear as 50 ôfleveringen dy’t al mear as 2 miljoen kear beharke binne, lûke Adriaan en Simon no it lân yn mei in bysûndere teätertoernee, wêryn’t se iepenhertich en ‘ûnfiltere’ prate sille oer de nije roman Alles voor de reis.

In ûngenêslik sike frou kiest foar in hospys, want dêr kin se ek har minner ûntfange. Yn in oanklikbêd. Mei morfinepleisters en in ferbean glês wyn út in teekopke. Yn har lêste wiken freget sy him om har mei op reis te nimmen. It twatal flechtet yn de ferbylding, belibbet wûnderlike literêre tochten en fynt stipe by skriuwers. Mar sy ferkenne ek elkoar. Harren ferskillen, oerienkomsten, de leagens, it ferried en de ferwûningen dy’t harren foarmen. Alles voor de reis is in oangripende roman oer in grutte leafde.

Yn de teäterfoarstelling nei oanlieding fan Adriaan syn meast persoanlike boek oant no ta, liedt dit ta in petear oer poëzy, ûntrou, wierheid en leagens. Mar foaral giet it oer in grutte leafde foar in ûnferjitlike frou.
Der is gelegenheid foar it publyk om fragen te stellen, om boeken fan Adriaan van Dis te keapjen en dy sinjeare te litten.

Nei de webside →