Iepenloftspul Maistiid yn Ryptsjerk is in tragysk poëtyske bewurking fan Bloedbruiloft fan de Spaanske dichter en toanielskriuwer Federico García Lorca. Leafde en langstme stride tsjin in rauwe en ferkrampte wurklikheid. Yn de ferstikkende griene wrâld fan in spesjaal foar de foarstelling oanlein maisfjild fiere sawol stjurre as rinnend bloed de boppetoan en sykje flymscherpe messen altyd nei in nij doel. Maistiid lit it slachfjild sjen dat oerbliuwt as de frijheid fan de minske betize rekket yn it net fan tradysjonele noarmen en wearden, hearskjende omgongsfoarmen en tsjustere famyljefetes.

De foarstelling is te sjen op 3, 4 , 8, 10, 11, 15, 17 en 18 septimber 2021.

Sjoch y.f.m. it waar en corona-maatregels altyd earst op de webside fan WIG producties foar mooglike wizigingen, foardatst ôfreizigst nei Ryptsjerk.

Bezoek website →