Spesjaal foar de Fryske Boekewike is der in Literêre jûn yn dbieb yn Burgum mei ferteller Sjoerd Bottema en sjongende ridder Jaap Louwes.
Sjoerd Bottema fertelt sterke ferhalen. Waar gebeurd. Oer de sjongende ridder. Oer Gosse Knop, dy’t it oanlei mei de duvel. Oer de wraak fan de Dalstraboys. Bottema wûn yn 2022 de Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal De sjongende ridder. Yn 2020 ferskynde de ferhalebondel De grize oer de grouwe. De skriuwer jout dêryn syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen.
Jaap Louwes, de sjongende, doarmjende en swalkjende troubadoer en lietsjesboer, sil wer‘t it kin ferskes hearre litte dy’t mei de ferhalen fan de skriuwer te krijen ha. Of just net… Hy kin in ferskaat oan lieten kieze út syn eigen repertoire en is û.o. bekend fan titels lykas Famke, De Waldwei en Memmen by it stek. Koartsein: it wurdt in bûnte jûn!