-Dizze aktiviteit is ôfsein y.f.m. de lockdown-
Snein 19 desimber fan 15.00 oant 16.30 oere is de bondelpresentaasje fan de debútbondel Fjoerdûnsers fan Jetze de Vries by Boekhandel Van der Velde yn Harns.
Jetze de Vries syn poëzy is byldryk en boartlik. Hy skriuwt mei ynmoed en humor oer de wrâld en syn taal kin as in pook yn de ferbylding reakelje.
De Vries wennet yn Harns skriuwt fersen, liet- toaniel teksten en ferhalen, is muzikant en begelieder by Wender. In tal Frysk- en Nederlânsktalige fersen binne publisearre fan ôf 2009 en yn 2010 en 2011 wûn er in Rely Jorritsma-oanmoedigingspriis.
Tegearre mei dichter en byldzjend keunstner Elmar Kuiper hat er fan 2009 ôf in gearwurkingsprojekt mei gedichten, wêrfan’t Elmar klips of koarte films makket en Jetze ek de muzyk docht en de byldfoarming yn gearwurking útwurke wurdt. Dêrneist hat Jetze in 2012 it muzykteaterstik ‘de Fisk’ skreaun.
Bezoek website →